De Frisiana

***************************

FRISIANA = PRODUKT FAN FRYSKE GROUN

De man dy dizze namme keas foar syn geheime stjûrder,

 prebearret eat fen dizze betsjutting wier te meitsjen.

Yn de Súdwesthoeke stiet 'De Frisiana'  bekend om syn moaie

programma’s mei muzyk, humor, kwissen en plaatsjes op fersyk.
'De Frisiana' jaget ek op 'regio lûd' en fernuvert him oer de de

 faaks goede kwaliteit fan ûnbekende muzyk en, sjongtalint.

Om 't de kar yn Fryske platen him nea te grut is, hat er in

 begjin makke mei it sammeljen fan dizze groepen op in rige

 'Frisiana' platen. As de earste plaat út komt hat 'De Frisiana'

 krek 5 jier bestien. Wij winskje him noch in protte

muzykaal ether plezier en foar Jo in protte lústergenot.
Koudum, april 1981
*****************************************************

****************************

It sels makke Frisianaliet

*************************

Meer info oer de LP en CD

*****************************

 

Tekst herkenningsliet fan de Frisiana

  Goei' Joun Harkers 

Goei' joun harkers - Meitsje jim tastel frij 
De Frisiana - Komt er wer bij 
't Is In echte piraat - Hy draait plaat nei plaat 
It is sa’n noflik skoft - Mei him yn 'e loft

In hiel protte minsken - Freechje dan in fersykje oan 
Foar heit en dochter - Foar frou of soan. 
Hy docht earn dat net mei - dus moat it stikem wei 
Mar sa leit it paad - Fan in piraat. 

t
ekst; Stien de Vries, De Wiske - Warkum 
Wize; Simmermoarn

*****************************

 Histoarje

Sa'n tritich jier lyn, doet in pilske yn it kafé as in pakje sjek

 noch fl 1.25 (€ 0.57) die en guon al in “mobyle” hiene

yn de foarm fan in breeky breeky 27 MC bakje,

wie Koudum in jier as wat yn de besnijing fan de eterpiraten.

Sy hiene  nammen as: "Butterfly", "Lord Wanhoop", "Goldfinger",

"Goudvink" en "De Súdwester".

 De bekendste wiene “De Hofkesjonger”, letter "De Frisiana”,

alias Romke Kroondijk "De Butterfly" fan Sipke Bakker

en "Kees Snelbinder" fan bakker Uilke de Vries.

 

 Fersykplaten koene oanfrege wurde bij skuonmakker

Ybo de Boer en letter by Wiebe Hindriks en Jappe Roosjen.

 Doe't Hilversum troch staking in dei plat lei seach Romke

syn kâns, hy hat de hiele dei radio makke fanút syn studio

yn de hoannebalken fan de pleats.

 Op it hichtepunt makke hy in LP “Frisiana Festival”

mei regionale muzikanten. De opnamen wiene yn de Klink

 yn 1981, Piebe Bakker die de klankrezjy,

 boargemaster Ties Elzinga krige it earste eksimplaar.

 

Op dy LP û.m. "Het lied van de Koudumer piraten" fan

 "De Goldstars". Romke en Uilke stjoere noch altiid de

muzyk út dêr’t se fan hâlde mar se dogge dat legaal

sûnt sy by RTN oan de slach giene yn 1997.

De Warkumer piraat Atze de Groot gie ek by RTN oan

 de slach. Op de website fan De Frisiana stiet ynformaasje

oer de RTN programma’s fan de eks piraten en

 binne de útstjoeringen noch 14 dagen neitiid del te laden.

 

* maandag 6 november 2006 (Ophelle fan: www.koudum.nl)

*************************************************    omheech

Persberjocht.

 

It wie 1 maart 13 jier lyn dat de lokale Omrop fan Nijefurd

 mei har programmas útein set is. Ien fan de programma's

wie al in pear wike oant proef draaien ûnder de namme

“Pompeblêden”. De programmamakker wie en is noch Romke Kroandyk.

Romke, earder in bekende Eterpiraat, kende it grutte ferlet

 fan Fryske muzyk op de radio.Syn programma bestie

 dan ek yn haadsaak út âlde en nije Fryske muzyk.

 

Einst is dat noch sa en hat Romke in eigen,

wat âlder, lústerpubliek opboud.

Alle ups en downs oer it programma en oer Romke kinne jo fine

 op syn eigen website dy te finen is op www.de-frisiana.nl .

 In protte ynformaasje, ek oer de RTN, is der oan te klikken.

Klik op de knop “muzyk belústerje” en dan nei “pompeblêden”

foar 2 eardere programma’s kompleet mei de playlisten

 fan de programma’s fan nei  de simmerstop.

 

Op moandei 15 maart is it syn 600ste útstjoering

en der giet Romke wat mei dwaan.

Neist it reguliere programma fan 10.00 oant 12.00 oere bringt

er in spesjaal programma tusken 14.00 en 18.00 oere.

Hij ferwachtet in oantal Fryske muzikanten dy’t lâns komme

yn de studio en/of  live ynbelje ûnder it programma.

It programma is ek live te folgjen middels live streaming

 op de internetsite fan de RTN, www.rtn-nijefurd.nl.

 

Freonlike groetnis, Romke Kroandyk, Koudum (0514 521624)

 

 

 

Jubileum feest, 600 x Pompebleden

**************************

Fan Bauke v/d Woude

Ha dy Romke.

Fijn datsto noch altyd sa dwaande bist mei dyn program. In protte sukes.

Ik wit noch net wat ik de 15e by 't ein ha, mar sil besykje even te lusterjen.

 

Mei hertlike groetnis,

Bauke.

Fan Saakje Zijlstra

 **************************

Hallo,
Via Fokko Dam ha ik jim nijsbrief ûnder eagen kriegen.
Ik bin sjongeres-toetseniste Saakje Zijlstra.
Ik wurkje ek wol ûnder de namme "Saack".
Ik spielje foar it meastepart Ingelsktalige covers, mar
meitsje ek Fryske nûmers.
Via myn site www.saack.nl is wol wat te besjen en te belústerjen.

 

***************************************************

 

Beste Romke,

 Auke & Ellen ontvingen je emailtje op 4maart en wij willen

graag van je horen wat de bedoeling is.
Zou je ons hierover telefonisch kunnen informeren?

Met vriendelijke groet,

Lex Timmerman (X-EL Promotions)

Mobiel bereikbaar: 0613 589 075

 

******************************************************

Hallo Romke en Klassie:

 

We zijn inmiddels alweer enkele weken in het Limburgse land.

Het waren enkele mooie dagen op het Friese land nu ken ik

 begrijpen waarom die Friezen gek worden als het vriest,

het is allemaal ijs en dan moet er geschaatst worden,

al is het nog niet de Elfstedentocht.

Verder wil ik je nog bedanken voor het plaatje van Taai Taai

je uitspraak in het Limburgs was goed beter als mijn Fries.

Ik wil je alvast feliciteren met je 600 ste uitzending van

 Pompebleden ik hoop dat er nog veel zullen volgen.

Tevens wil ik je voor de tip van zillertaler radio U1 op

 internet bedanken ik ga zo snel mogelijk luisteren.

Ik ga er een einde aan maken en wens jullie een

mooie zomer dan hebben wij die ook.

 

Heel veel groetjes Ton en Mia uit Panningen bij Venlo

**********************