De Hofkesjonger
*************************
GOEI' JOUN HARKERS (intro liet)
Goei'joun harkers,
meitsje jim tastel frij.
De Hofkesjonger
komt er wer bij.
't Is 'n echte piraat,
hy draait plaat nei plaat.
't Is sa'n noflik skoft
mei him yn 'e loft.
Koudumer beantsjes,
freegje ris yn fersykje oan.
Foar heit en mem oars,
foar frou of soan.
Hy docht earn dat net mei,
dus moat it stikum wei.
Mar sa leit it paad,
fan in piraat.
Tekst: Stien de Vries – Warkum - 1978
**********************************
ODE OAN'E "HOFKESJONGER"
Snein te joun’s is it wer sa fier,
dan begjint de "Hofkesjonger mei syn getier.
Fan acht tot soms wol healwei tolwen is der yn de loft
Dit is foar de Koudumers in noflik skoft.
In soad minsken freegje in forsykje oan,
foar Heit en Mem, frou of soan.
Meastens is it yn ús memmetaal,
want "dan versta je't allemaal".
Ek haw we de story fan Sybren Spiker,
dy man docht it alle wiken briker.
Wibe Hindriks fan de Beukenleane,
is de man wêr't de fersykjes hinne geane.
Hy bringt se dan by de "Hofkesjonger" yn't nêst
ja, dy jonge docht wol syn bêst.
Mopkes fertelle, dat mei de "Hofkesjonger" ek wol dwaan
Dêrby kin er moai op 'e "Nachtvlinder" ofjaan.
It liketet tusken dy beide soms wol fjûr en wetter
mar ja, de "Hofkesjonger" is dan ek stikken better
Dêrom foar dizze frjemde fûgel de plaat:
fan it Apollo-trio: "Ik bin in piraat".
Stien de Vries ,Wiske 3 , Workum