Ofskie as Riedslid
*************************
Romke gjin riedslid mear:
Op tiisdei 12 december hat Romke in punt setten achter
syn loopbaan as riedslid yn de gemeente Nijefurd.
Taspraken wiene der fan boargemaster(J.W. boekhoven),
de foarsitter fan de FNP( Henk Breimer) en
de rieds âldste, (mefr Sietske Hofman).
In groep riedsleden hie in ferske ynstudearre
op de wize fan "Joun beste harkers".
Destiids in ferske fan Romke as etherpiraat en makke troch
Rients en Betty Folkerts. In wie in aardichheit om te sjen
dat it hiele kolleezje it ferske mei song.(middelste foto)
Tekst fan Hille Faber, om mei te nimmen:
"Hoe hurd it hout ek wêze mei, de beitel wint it fan de slaei.
(Makke fan Gerben Rypma, Sanfurderryp)
***********************************
REFREIN
Joun beste harkers , wy bin wer yn ‘e loft
Hjir Frisiana, foar even of in skoft.
Elts kin wol skilje, foar even of in skoft
Hjir Frisiana is foar jim paraat !
1) (Jetske)
Romsicht neist de Frosk, de skipper mei Sésicht
Tuorre bout, Wijnfang , Drentse boer
Drankoargel ek wol heard.
Fredesduif, Sudwester, De Spetters, de Eterdief
Fytsenmakker, Alpenjager en de Notenkraker.
REFREIN
2) Theunis
Amendemint fan Henk, in moasje mei emoasje.
In interpellaasje mei faasje Frysk yn e ried
Utsprutsen as kramtried.
Starum ontslút, Romke derút , Dyn beslút!
REFREIN
Rekreaasje en ferdivedaasje. Hânwizers regelje .... syn fak
Brochten toeristen te plak
Ride op 'e bus
Foar Romke in fijne klus
Frisiana illegaal ....., Nei RTN .... dus legaal !
*******************
nei boppen