De Balksterkrante yn 2012

De Vrijwiligers yn 2005

rtn 4.jpg (1306716 bytes)

 

De Vrijwilligers
                                                                                                                                              
Hy, smyt alle bledsjes troch de bus
is altyd goed foar elke klus.
Lûkt alle linen derom, dus ek op it fjild. 

Hy, is foar de klub altyd yn 't spier 
docht de kantine mei plezier. 
De klub dy libbet fan syn bier

mar fierders praat er noait oer jild.

Sy, bringt jo yn 't sikehûs in boek
fergetten minsken in besoek.
De stille faktor wêrtroch alles soepel rint

Sy, giet wer mei wille oan 'e bak
op it pjutteboartersplak.
Sy riidt in rolstoel kreas teplak en wol gjin sint

Sy, faaie alle strjitsjes skjin
en alle banen dy't der bin. 
sadat Henk Kroes wer sizze kin: it giet oan.

Sy, yn waar en wyn en op 'e tocht 
en noait ris yn it folle ljocht. 
Want in frijwilliger dy docht soks dus gewoan.

Sy, rinne mei listen lâns de doar
mei oaljekoeken foar it korps of koar
en dat dogge se noait ris foar selsgewin.

Sy,dêrst it bestean sa maklik fan ferjitst
mar by gjin klub of aksje misse kinst.
Pas misse silst as sy der net mear bin.

Sy, draaie gewoan út frije wil
oan it ûnsichtbere grutte tsjil. 
Sy bin' de rêchbonk' en de spil dêr't it om draait.

Sy, binne in leger o sa stil 
dat ik no ek út frije wil,
graach op it heechste platfoarm til.
Dêr't al myn lof no hinne swaait.

Tekst: Leo Dijkstra.  
muzyk: Charles Aznavour